Zea, Explore the North & Popfabryk - In lichem fol beloften (preview)

Earste foarpriuwke fan nije show yn ’e maak én Frysktalich, poëtysk album

Zea hâldt de tiid fêst, rekket har út, triuwt ritmes yn pulserjende sirkels, lûkt tonen út ’e grûn en tsjoent teksten út syn teannen. In lichem fol beloften wurdt as in dûns om lichems mei te betsjoenen, pine te ferdriuwen en de dea skaakmat te setten. In kadâns fan drums en snaren, in minimale trance fan gitaar, cello, klarinet en drums. Op Oerol spilet Zea mei klarinettist Xavier Charles en drummer Ineke Duivenvoorde yn de gesellige setting fan it West-End Theater.

Benijd nei mear? It folsleine projekt mei in sechtjin-koppige drumband wurdt presintearre op Explore the North-festival yn Ljouwert (21–23 novimber 2025).

Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Fan 13 o/m 22 juny presintearret Explore the North ferspraat oer it eilân wurk fan talinten ferbûn oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei as thúsbasis Podium Explore yn Ljouwert.