Jûn mei priiswinnende oersetters op tiisdei 19 oktober yn gearwurking mei Tresoar en Boekhannel Van der Velde
Op tiisdei 19 oktober 2021 om 20.00 oere organisearren wy de jûn Oersettersgelok, yn gearwurking mei Tresoar, Boekhannel Van der Velde, de Europeeske Literatuerpriis en it Nederlânske Letterenfûns.
Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dizze jûn oer harren fakgebiet en de útdagingen dy’t se yn harren wurk tsjinkomme. Annemarie Vlaming is de winner fan de Europeeske Literatuerpriis fan dit jier en Jan Popkema wûn de dr. Obe Postmapriis 2020. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan kultureel-antropologe en skriuwster Anne-Goaitske Breteler.
Jûn oer oersetterútdagingen
As gjin oar moat in oersetter de tekst begripe om dy yn in oare taal as it wiere nij te meitsjen. Dat levert prachtige oersetferhalen op oer literêre speurtochten, bysûnder kontakt mei auteurs en sa no en dan grutte útdagingen op sin-, wurd- of sels klanknivo. De trije oersetters fertelle yn in koarte kolumn oer de spesifike útdagingen dy’t se yn harren wurk tsjinkommen binne. Tegearre mei presintatrise Anne-Goaitske Breteler geane se dêrnei mei elkoar en mei it publyk yn petear oer de charme fan harren fak.
Oersettersgelok | tiisdei 19 oktober 20.00 oere
De Westerkerk | kaarten: € 5,00
De jûn Oersettersgelok is in ynisjatyf fan Explore the North, Tresoar, Boekhannel Van der Velde, de Europeeske Literatuerpriis en it Nederlânske Letterenfûns.