U bevindt zich hier (Jo befine jo hjir)

Fan in zendmast oant de kearn fan in útstoarne parresoart

Literêr talint omsingele de stêd Ljouwert. Wêr komst telâne as’st fanút in ‘fixed position’, op ’e oergong tusken stêd en omkriten, om dy hinne sjochst? Wat sjochst dêr as’st dy yn alle dimensjes om dyn eigen as draaie meist? Do bist hjir – mar wat betsjut dat? Wa wurdt hjir oansprutsen? Wat is ‘hjir’ eins?

Achttjin jonge talige makkers dy’t yn 2025 meidiene oan de skriuwresidinsje fan deBuren krigen elk in koördinaat oan ’e râne fan ’e stêd Ljouwert tawiisd. Achttjin koördinaten dus. En achttjin artistike ynterpretaasjes. Elk fanút harren unike posysje seagen de makkers – yn alle dimensjes – de wrâld yn, lieten harren prikkelje troch wat yn harren blikfjild lei en giene dêrmei oan ’e slach yn harren eigen artistike taal. Se skreaunen koarte, krêftige teksten mei as reade tried de wurden: Jo befine jo hjir.

Fan in sendmast oant de pit fan in útstoarne parresoart, in piratenskipke of it materiaal fan it rydflak, boaiemsakking of in tafallige foarbygonger op Google Street View: de ynspiraasje dy’t se fûnen by ‘harren’ koördinaat is like ferskaat en ferrassend as de gedichten en koarte ferhalen dy’t dizze jonge makkers skreaunen.

Tidens Explore the North Festival 2025 droegen dizze 18 oanstoarmjende talinten út Flaanderen en Nederlân harren teksten foar.

De auteurs
Alisa Noa Bloemendaal, Ayoub El Ouali, Eelke Veltman, Faye Schumacher, Jane Stuhlmacher, Jeanne Verwee, Joshua Snijders, Lars Meijer, Maarten Jochems, Maria Magdalena de Cort, Marlena Tokarska, Matthijs van Rumpt, Mayada Srouji, Mirthe Wouters, Rojda Yavuz, Rahman Qul, Sanne Lolkema en Zoë Dankert.
Lês mear oer dizze makkers.

Sy namen diel oan de skriuwresidinsje fan deBuren yn 2025, in talintûntwikkelingstrajekt foar talige makkers oant 30 jier út Flaanderen en Nederlân.
Lês mear oer de skriuwresidinsje.

Spesjale edysje fan tydskrift Kluger Hans
De 18 teksten waarden publisearre yn in spesjale útjefte fan it literêre tydskrift Kluger Hans – boarplatfoarm foar opkommend talint yn wurd & byld. De besikers fan dit programma krigen in eksimplaar fan dit nûmer.
Mear oer Kluger Hans lêze jo hjir.

U bevindt zich hier is in gearwurking tusken deBuren, Kluger Hans en Explore the North.