Tweespraak

Tweespraak is it talintûntwikkelingstrajekt fan it Kultuer Kollektyf. In jier lang krije seis Fryske makkers de kâns om harren artistike praktyk fierder te ûntwikkeljen. Mei help fan in coach en ferskillende eksperts wurkje se oan in artistyk projekt dat toand wurdt by De Broeikas. De produksjekearnen fan it Kultuer Kollektyf selektearje jierliks de makkers foar Tweespraak.

Fanút dit traiekt Tweespraak begeliede wy yn 2024 twa makkers fan Explore the North: Thom Boonstra (Alexander Moto, dy’t earder mei Wolfskers op ús festival te sjen wie) en Tim Helderman. Hjirûnder lêze jo mear oer dizze twa talinten, dy’t letter dit jier nij wurk presintearren by De Broeikas.