Spesjaal foar it festival Explore The North ûndersocht de realistyske keunstskilder Gerard Boersma (1976, Harlingen) it noardlike gefoel. Yn in fiktyf museum toant hy minsken dy’t skilderijen ûndersykje mei typyske eleminten fan de Fryske mentaliteit. Fan it opsjen nei de grutte stêd, in dûbeltsje dat nea in kwartsje wurdt, oant koppichheid en in nuchtere Frysk beskonken oan de bar. De minsken op syn wurken ûndersykje it allegear. De skilderijen binne lovend, humoristysk, mar ek rûnút kritysk. Dizze exposysje wie tiidens it festival yn 2011 te sjen yn de Grote Kerk. De skilderijen waarden ek bundele yn in katern, yn gearwurking mei de Leeuwarder Courant.