Schaafsessies: HardKoor-editie

Masters of Hardcore? Nee! Masters of HardKoor!
Foar it projekt Schaafsessies lieten wy dit jier ferskate wurdkeunstners gearwurkje mei in grut ikoân út de hardcore scene én tagelyk berne en opgroeid yn Ljouwert: Sietse van Daalen, ek wol bekend as Da Mouth of Madness. Dizze MC mei in yndrukwekkende hardcore-achtergrûn liet in stikje knallende magic ûntstean tusken de Fryske wurdkeunstners Jaimy Hindriks, Douwe Dijkstra, Lil Pier en Bram Zielman, in koar en de producers SVENB, DJ The Enforcer en MESSI4H.

Ûnder de krûdenleuchter fan Zalen Schaaf – it twadde âldste teäter fan Nederlân, dat earder ek al diel útmakke fan it Explore the North Festival – brochten sy harren Fryske, pompearjende performances ta libben. It pompearjende einresultaat mei der wêze! Besjoch hjirûnder de fjouwer fideo’s fan de nûmers.

Schaafsessies is in multidissiplinêr projekt dêr’t wurdkeunstners útdage wurde om yn it Frysk te skriuwen en te performen. Tagelyk sykje wy muzikale kombinaasjes dy’t grinzen opsoeke en trochbrekke.

Dit projekt is ûntstien út it eardere Dichter Bij Leeuwarden en wurdt stipe troch Explore the North en Provinsje Fryslân.

Foto’s: Jeroen van de Bovenkamp

De fjouwer pommende nûmers

Sietse van Dalen
Mei in karriêre fan mear as 25 jier is Da Mouth of Madness in ikoân binnen de hardcore-scene. As ien fan de earste MC’s yn de hardcore wurke hy gear mei grutte nammen lykas Waxweazle, Partyraiser en Dr. Peacock. Hy stiek der út op legindêre eveneminten as Thunderdome, Defqon.1 en Tomorrowland. Neist it MC-skip is hy mentor foar jong talint en ambassadeur foar hardcore. Syn passy foar de muzyk en de ynteraksje mei it publyk meitsje him unyk: in wiere stim fan hardcore.

Credits
Wurdkeunstners: Douwe Dijkstra, Lil Pier, Bram Zielman en Jaimy Hindriks
Coaches: Arjan Hut | Coach Frysk
Sietse van Daalen (Da Mouth Of Madness): Coach performance en hardcore
Producers: DJ The Enforcer, MESSI4H en SvenB
Koar: Kristel Schoonbeek | Zing sanglear


Kearnteam Schaafsessies
Studio Zeepsop: Projektlieding
CloudMind: Producer, mixing
Dirk Bouke van der Staal: Assistent-producer, mixing
Jeroen van De Bovenkamp (of Studio Must Kieke): Fideo
Rob Knippenborg: Ljocht