Lit dy meidriuwe yn in magiske audiotoer
Begjin de winter dit jier mei in sliepkuier dy’t begjint fanút dyn eigen bêd. Doch dyn koptelefoan op, lûk dyn jas oan en lit dy meifiere mei in podcast fan skriuwers Marie Borremans en Raymond Muller, troch de wûndere wrâld fan in winterjûn. Ien kear op paad ferkenst de grinzen fan dyn eigen buert en begjinst dy ôf te freegjen wat werklikheid is en wat fantasy. Want sliepst do? Bist do wekker? Sliepwekker miskien? Ien ding is wis: do einigest wer yn dyn eigen sliepkoai.
De Wintersliepwandeltocht is hjir beskikber fan 21 desimber 2020 om 00.00 oere, yn de nacht fan snein op moandei (it offisjele begjin fan de winter) oant en mei 21 maart 2021 (it ein fan de winter).
De podcast is ûnderdiel fan De Ferwûnderkeamer: literêr projekt fan Explore the North, Ljouwert City of Literature en deBuren.