Yn april 2013 frege Explore the North de manlju fan de Britske band Public Service Broadcasting – nei it sjen fan in ûnbidich moai optreden by Eurosonic – oft se it ynteressant fûnen om nije muzyk te skriuwen op basis fan de prachtige bylden fan de legendaryske alvestêdetocht fan 1963. Explore the North socht spannende manieren om ynternasjonaal artiesten te ferbinen mei de regio Fryslân. De band naam dit oanbod fuort oan en gong oan de slach mei materiaal fan it Frysk Film Archyf. It resultaat is twa fantastyske fideo’s wêrby’t byld en muzyk op fassinearjende wize yninoar falle. Tiidens Explore the North op 23 novimber 2013 wie Public Service Broadcasting live te sjen, mei in show wêrby’t Alvestêdetocht part 1 en part 2 yntegreare waarden.
Besjoch hjir in weromblik fan 2 Meter Sessies. YouTube link
Moi eem