LET’S GET READY TO RRRUMBLE
Eins binne der twa manieren om mei maatskiplike problemen om te gean: negearje of op ‘e spits driuwe. De keunstnar Natasha Taylor út Ljouwert ûndersiket in tredde wei: it adressearjen fan maatskiplike kwestjes troch showworstelen – Issue Wrestling. In showworstelicoon is Hulk Hogan, de Amerikaanske wrakselder dy’t foaral yn ‘e jierren ’90 in enoarme populariteit hie. Issue Wrestling biedt in alternatyf podium foar maatskiplike debatten. Natasha Taylor ûndersiket oft in showworstelwedstriid, troch op in buortlike wize tsjinstellingen op ‘e spits te driuwen, in brêge bouwe en in iepen petear stimulearje kin. Yn juny 2018 wikselde se yn Obe fan gedachten mei ynwenners fan Fryslân oer it tema Kulturele Haadstêd en tiidens Explore the North 2018 waarden trije fan dizze issues yn ‘e ring yn Neushoorn útwraksele.
OER DE GEARWURKING
Issue Wrestling is in ynisjatyf fan Natasha Taylor en in koproduksje fan Popfabryk, Explore the North en Jonge Harten Festival yn Grins, mei tank oan Lân fan taal. It projekt waard yn 2017 selektearre út in pear ynstjoeringen nei de iepen oprop fan Popfabryk en Explore the North, in pitch foar Fryske keunstners út de popkultuer. Fan 11 oant 21 novimber 2018 wie der yn Neushoorn in tentoanstelling te sjen mei kostuums, attributen en promofilmpkes wêryn Taylor mei seis wrakselders en bewenners fan Ljouwert wurke.