Poetry Circle is it lanlike platfoarm foar spoken word. In thús foar elkenien mei in ferhaal, in broedplak foar nij talint en in poadium foar elke stim. Der binne acht Circles yn ferskillende stêden yn Nederlân. Explore the North is de stypjende partner fan Poetry Circle Ljouwert.
Op dit stuit folgje 15 dielnimmers yn Ljouwert in programma fan in heal jier, wêrby’t se elke tongersdeitejûn in workshop krije fan fêste coach Mees van Rijswijk en wikseljende gastdosinten. Hjir binne mear details te finen oer Poetry Circle Ljouwert.
De dielnimmers yn 2026 binne: Julian de Blois, Aline de Boer, Ikram Khouyani, Brigitte Boersma, Nashara Rowold, Aïsha Stalman, Cis, Froukje van Wengerden, Zee Postmus, Lotte Visser, Gaia Willemars, Esmee Papa, Ace Huisman, Emily Mayer, Daria Elizarras