Ode oan Tsjêbbe Hettinga

Yn 2011 joech de byldbepalende Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga in skitterjend optreden yn De Zwarte Haan op Explore the North. Tsjêbbe Hettinga hie der fansels gewoan wer by wêze moatten op de twadde editie fan Explore the North, mar it mocht net sa wêze. Tsjêbbe Hettinga stoar op 7 maart 2013. Explore the North eart syn wurk troch dichters, muzykanten en freonen te freegjen om te reagearen op syn oeuvre. Ester Naomi Perquin, Ellen Deckwitz en Tsead Bruinja droegen nije gedichten foar, basearre op de poëzie fan Tsjêbbe Hettinga. Piet Gerbrandy spruts oer syn wurk en derneist wie der in muzikaal optreden fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma, dy’t ek in koarte film sjen lieten wêrby’t Hettinga sintraal stie.
Mei: Nynke Laverman, Sytze Pruiksma, Tsead Bruinja, Piet Gerbrandy, Ester Naomi Perquin en Ellen Deckwitz.