#NieuweStukken

Explore the North wie partner en koördinator fan dit trajekt foar dichters en wurdkunstenaars. Fanút Fryslân namen Preston Losack en Nicole van den Berg diel oan it trajekt. Tegearre krigen sy de kâns om harren skriuwerskip fierder te ûntwikkeljen, ûnder oare troch workshops dy’t jûn waarden troch ferskate professionals út it fak. Yn in trajekt fan yn totaal tsien moannen learden sy de fijne knipe fan it fak.

Op freed 16 febrewaris 2024 fûn yn De Westerkerk de einpresintaasje fan it ûntwikkeltraject #NieuweStukken plak! Wy seagen trettjin snippets fan de teksten dy’t ferskate makers foar dit trajekt skreaun hiene. Dy waarden spile troch in cast besteande út: Boyd Grund, Krisjan Schellingerhout, Fransesca Pichel en Rosa Weekers, en regissearre troch Dionne Verwey. Mei dizze presintaasje kaam it trajekt fan sa’n acht moannen ta in ein. In grutte tank oan alle partners, belutsenen en makers foar dizze geweldige ôfsluting!