Nicole van den Berg & Explore the North - Gran Canaria, wie neemt ons mee (preview)

In wachthokje op it plattelân. Twa frjemden. In bus dy’t mar net komt

Yn it hoarspul Gran Canaria, wie neemt ons mee? folgje wy Gerard en Marcel, twa manlju dy’t inoar moetsje by in bushalte krekt bûten it strang leauwige doarp Grafsloet. Wylst se wachtsje op in bus dy’t miskien noait komme sil, ûntspint him – tsjin sin – in tragy-komyske dialooch oer fêstsitte en yn beweging komme, de yllúzje fan in kontrôlearber libben en de fraach hoe’tst dat minsk-wêzen no eins dwaan moatst. Gerard, in man fan de âlde stimpel, sleept syn ferline mei him mei yn in fersliten plastiktas. Marcel, in finansjeel adviseur dy’t libbet op prognoses en tiidskema’s, is stadichoan fêstrûn yn de rekkenjen fan syn eigen bestean. Wat begjint as in tafallich treffen, ûntwikkelt him ta it lytst mooglike drama – krekt troch alles wat der nét sein wurdt.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Fan 13 o/m 22 juny presintearret Explore the North ferspraat oer it eilân wurk fan talinten ferbûn oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei as thúsbasis Podium Explore yn Ljouwert.

Credits

Konsept en tekst: Nicole van den Berg
Spul: Raymond Muller, Douwe Dijkstra
Regy: Eelco Venema
Opname en sound design: Lake Woozoo
Muzyk: Studio Liftmuziek
Produksjonele stipe: Sander Koning, Eva van Netten
Advys: Hanneke Hendrix, Marleen Nagtegaal, Mark Hospers