Mona Thijs, Zindzi Tillot Owusu, Charlotte Westra en Jaimy Hindriks - De Weromûntdekking fan Ella Wassenaer

deBuren en Explore the North Festival frege oan jonge Nederlânske en Belgyske makkers om harren te ferhâlden ta Ella Wassenaer, in mearsidige Fryske skriuwer yn wa’s wurk bysûndere froulju faak de haadrol spylje. Sy gie yn 1959 mei Reade Runen as earste (en iennige?) froulike Fryske dichter it eksperimint oan, yn it spoar fan de Vijftigers. Lykas in protte froulike skriuwers yn har tiid waard Ella strang oanpakt troch de kritisy.

De dielnimmers oan it residintjeprojekt De Verwonderkamer helje har út de fergettenheid. Hoe? Dat witte wy ek noch net! Kom en ferwûnderje dy mei Zindzi Tillot Owusu, Mona Thijs, Jaimy Hindriks en Charlotte Westra.

Op 8 novimber 2024 yn Brussel by deBuren en tiidens Explore the North Festival 2024 kinne jo de dichters’ befinings sjen by De Weromûntdekking fan Ella Wassenaer .

Op 21 juni 2025 is De Weromûntdekking fan Ella Wassenaer te sjen op Oerol festival op Terschelling