De keunst fan de moeting
Who cares? giet oer de deistige minsklike relaasje en de soarch foar elkoar.
Dit ynspirearjende partisipaasjeprojekt ûndersiket de rol fan ‘care’ yn ús maatskippij. Foar Who Cares? Ljouwert hat MOHA in skoft meiholpen mei de húshâldlike tsjinst fan serviceflats Nijlânstate. Sa learde it selskip it wel en wee fan de meiwurkers en bewenners fan de serviceflats kinnen, wat late ta dizze unike performance. Tiidens de performance Who cares? belibbet it publyk op ferskillende manieren de rol fan ‘care’. Troch ferhalen, ynteraktive ynstallaasjes en mear, noeget MOHA jo út om soarch, soarchfâldigens en oandacht fanút ferskillende perspektiven te besjen.