Michelle Samba - I, Hereby

Michelle Samba lit yn ‘I, Hereby’, ritme, ritueel en materiaal gearfalle yn in yndringende performance. Seis dagen lang stimpelt se, yn in selsmakke setting fan tafel, stoel, stapels papier en mei de hân sniene stimpels, papieren mei har eigen bloed.

Joseph Beuys wie in bûtengewoan alsidich keunstner dy’t úteinlik in sterke stimpel sette soe op de hjoeddeiske keunststreamingen. Hy is ûnder oaren bekend fan syn ferneamde útspraak: “Jeder Mensch ist ein Künstler.” (“Elkenien is keunstner.”).

Tegearre mei tolve oare keunstners dûkte Michelle yn argyfmateriaal oer it libben en wurk fan Beuys. De keunstners belústeren fragminten fan ûndersikers, eardere studinten en eardere gearwurkers. Se dielden iten, fjildnotysjes, kuierkes en ideeën. Wat ûntstie wie net ien Beuys, mar tretjin ferskillende Beuysen. De resultaten binne dizze simmer te sjen yn Schloss Moyland, yn it doarpke Bedburg-Hau (krekt oer de grins by Nijmegen). Lykas Beuys brûkt Samba har eigen materialen: har lichem, bloed en ôfskaft ynstitúsjoneel papier. Sa foarmet se in nij ynstrumintarium neist har ritme, stim, tekst, byld en lûd.

I, Hereby ûntstie út ferskillende linen yn har wurk: har eardere performance-searje Hit Me Baby, re-performances fan Marina Abramović, har ynteraktive ynstallaasje Gateways op Oerol, en har ûndersyk nei etsen en linosneden. Har wurk siket nei manieren om systemen te befreegjen, om romte te meitsjen foar ritme en kollektive bylden. Har wurk freget: hoe kinne wy mei-inoar libje op wizen dy’t kreativer, kritysker en frijer binne?

I, Hereby is gjin ienmalich projekt, mar in trochgeand ûndersyk dat yn ferskillende foarmen weromkomme kin.

Dit projekt komt fuort út in nij programma fan it Marina Abramović Institute (MAI) yn gearwurking mei Schloss Moyland, dêr’t tretjin keunstners in moanne lang ûndersyk diene yn it Beuys-argyf.

Credits
Konsept en performance | Michelle Samba
Foto | Heleen Haijtema

Mei tank oan | Station Noord, Explore the North, Tryater, We the North, Ministearje fan OCW, Marina Abramović Institute en Schloss Moyland