Michelle Samba

Michelle Samba - Gateways

Michelle Samba nûget dy út om diel te nimmen oan har ynteraktive klankynstallaasje Gateways.

 Meterslang flechte hier rykt him út yn de omjouwing. Oan de úteinen fan de flechten binne stokken fêstmakke. Do wurdst útnoege om mei dizze stokken de klankynstallaasje te bespyljen. Sa foarmje de klanken fan talleaze gongs yn it bosk, yn de hannen fan it publyk, in gearhingjende komposysje.

Foar dit wurk brûkt se performance art, muzyk en ynstallaasje. Har wurk is persoanlik en iepen, wêrtroch it publyk útnoege wurdt om in ferbining mei har wrâld oan te gean.

Credits
Konsept | Michelle Samba
Performance | Michelle Samba, Catarina Paiva en Aez Pinay
Produksje | Lena Meijer
Promo-ôfbylding | Heleen Haijtema
Kostúmûntwerp | Akelei Loos

Dit projekt is mooglik makke troch | Station Noord, Ministearje fan OCW, We the North, Explore the North, Tryater, Oerol

Agenda