Merlijn Huntjens, Preston Losack & Heleen van Maldegem - 500 years op de zeebodem

De (ûn)eindigens fan it bestean fêstlein yn byld en taal.

Yn 500 years op de zeebodem buigje Preston Losack, Merlijn Huntjens en Heleen van Maldegem har oer it tema De (on)eindigheid fan it bestean op in meartalige wize. Hoe ûneinich is ús libben eins as wy ús bewust binne fan ús einichheid? Kinne wy ferskate perioaden yn ús libben tagelyk ûnderfine? En wat foar rol spylje ferskate talen binnen dy ûnderfiningen? Sintraal stiet in syktocht fan de makkers nei de (ûn)einichheid fan ús libben en dêrbinnen de jildichheid fan taal en de (ûn)mooglikheid om de oar dêrmei echt te berikken, om elkoar echt te ferstean, oftst no deselde taal sprekst of net. Foar Explore the North 2023 waard in nije ferzje op de planken brocht, wêrfoar dit trio byinoar kaam tidens in ferbliuw yn Podium Explore (De Westerkerk).

Dizze produksje komt fuort út Dictieland, in ynisjatyf fan Wintertuin yn gearwurking mei Explore the North.