‘Je denkt dat het komt’ is in ferfolch op ‘Kelderkoorts’; de ûnbekendste popstjer út Nederlân, Meindert Talma, fertelt oer syn aventoeren as muzikant dy’t in band begjint, langs de sealen giet, suksessen en teloarstellingen meimakket en stadichoan in reputaasje opbouwt. Proza en ferskes wikselje inoar ôf yn de foarstelling.
Troch de eagen fan Meinderts personaazje krijt it publyk in yndringende blik op de ûntwikkeling fan in ûnwis, beskieden en dreamende letbloeier. Toeskôgers belibje de aventoeren fan Meindert en krije ek in byld fan Nederlân tusken 1995 en no. De begeliedingsband bestiet, neist Herman Grimme, Johan Kooi en Janke en Janpier Brands, dizze kear ek út twa nije muzikanten. Dizze tafoeging soarget derfoar dat it rike en euforyske lûd op it podium ta syn rjocht komt. De première fûn plak op Explore the North 2017 yn de Doopsgezinde Kerk.
Harkje “Je denkt dat het komt” op Spotify.
MEINDERT TALMA GESELECTEERD IN 2016
Meindert Talma is mei syn projekt de lokkige selektearre fan de Pitch foar Fryske keunstners út de popkultuer fan 2016, in iepen oprop fan Popfabryk en Explore the North. It projekt wurdt tegearre mei Popfabryk en Explore the North realisearre. It omfet net allinnich in live-foarstelling, mar wurdt in album-romancyclus neamd. It album is útbrocht by Excelsior en de lyknammige roman by Uitgeverij Passage.