Marieke Ornelis, Mees van Rijswijk, Johannes Lievens & Explore the North - DRIE DAGEN FRIS

In lichtfoetige, talige muzyk-teatershow oer hâldfêst

Literêre makkers Marieke ‘oorwurm’ Ornelis, Mees ‘lytse hantsjes’ van Rijswijk en Johannes ‘hert dea-riden’ Lievens wegerje yn dizze foarstelling te skrassen (wat se as skriuwers oars hieltyd dwaan moatte). Do krijst al harren tinzjen, meisjongers, rants en oare tekstuele blubber op dyn board.

Yn tsjustere politike en ekologyke tiiden is DRIE DAGEN FRIS nijsgjirrich nei de dingen dêr’t minsken hâldfêst yn fine, yn in besykjen sels net om te fallen. Dizze syktocht nei hâldfêst is de oanlieding foar nije teksten, sênes, lieten en oar materiaal. De foarstellingen fan DRIE DAGEN FRIS biede in luchtige iepening om op ’e nij nei te tinken oer wichtige ûnderwerpen lykas kapitalisme, gender en wurk.

Under de namme DRIE DAGEN FRIS lûke literêre makkers/muzykanten Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens in jier lang fan eksperimint iepen. Oan ’e hân fan residinsjes én foarstellingen leare se inoar, de poadiumliteratuer yn al har foarmen en oare poadiummakkers kennen.

Credits
Fan en mei: Marieke Ornelis, Mees van Rijswijk en Johannes Lievens | Yn gearwurking mei Explore the North, vonk & zonen, CC Brugge, Oerol, MIMIK, Het Nationale Theater en STORMRAM | Produksje: Sander Koning | Fûnsenwerving: Janneke De Boer | Marketing: Merel Hoekstra & Mathé Többen | Foarmjouwing: Niels Lunter | Mei tank oan: Pim Cornelussen, Eva van Netten, Mark Hospers, deBuren, Het Entrepot, Mira Van Damme en Brugs Food Lab.