Literaire reis door Friesland

Explore the North begûn yn 2011 op in sneontemiddei mei in literêre reis troch it noarden fan Fryslân. It publyk reizige yn in lytse groep, tegearre mei de keunstners nei in pear bysûndere lokaasjes yn ‘e provinsje. Yn De Zwarte Haan yn St. Jacobiparochie en yn de tsjerke fan Paesens/Moddergat makken skriuwers en keunstners de besikers ûnderdiel fan de ynspiraasje dy’t se fûnen yn itselde Fryske lânskip dêr’t de groep op dat stuit trochhinne kaam. De busreis begûn en einige by de Grote Kerk yn Ljouwert by it Jacobijnerkerkhof.

Tiidens dizze literaire reis ferkende it publyk de provinsje tegearre mei dichter Jan Kleefstra, skriuwer Albertina Soepboer, muzykant Chris Bakker, dichter Tsjêbbe Hettinga en muzykant Sytze Pruiksma.