Yn de prachtige Westerkerk yn Ljouwert brochten de seis dansers fan it ûnoertroffen Eastenrykse selskip Liquid Loft besikers op 15, 16 en 17 novimber 2018 yn trance mei de foarstelling Church of Ignorance. Oerol iepene yn 2018 mei dizze útsûnderlik goed resensearre lokaasjefoarstelling.
FRYSKE TALEN YN ‘E FANTASTISCHE LOCATIEFOARSTELLING
As ûnderdiel fan de searje ‘Foreign Tongues’ gong it selskip yn dizze foarstelling mei help fan lichemstaal op syk nei in oplossing foar datgene wat ús ferdielt: de ferskate talen dy’t wy sprekke. De performance is basearre op regionale talen en ‘slang’ út alle regio’s fan Europa en wurdt hieltyd oanpast foar de lokaasje en arsjitektuer fan it spylplak, yn dit gefal dus Ljouwert, Fryslân en de Westerkerk. Wat in ûnfersteanbere miks fan talen liket, wurdt op in fantastyske wize transformearre yn in kommunikaasje fan beweging dy’t wurden oerstiget. De taal fan beweging is sterker as ús ferskillen. Sjoch mar hoe ûnbidich folle jo begripe, sels as jo der neat fan hearre.
“In schitterende collage fan beweging en stimmen.” – DE THEATERKRANT ★★★★
“In wûnderlik moaie, perfekt útfierde foarstelling.” – LEEUWARDER COURANT
Yn novimber 2017 wie Liquid Loft yn Fryslân om hjir noardlike talen en dialekten te sammeljen en op te nimmen. Dêrfoar reizgen se nei Ljouwert en ek nei Skylge. Dit Waddeneilân is fansels de prachtige lokaasje fan it festival Oerol, wêr’t in oar diel fan de ‘Foreign Tongues’-searje yn premjêre gong.

YNTERNASJONALE KOPRODUKSJE
Church of Ignorance is in koproduksje fan Donaufestival (Eastenryk), Lân fan taal/Explore the North (Nederlân) en Liquid Loft (Eastenryk). De foarstelling is op 28 april yn premjêre gien op it Donaufestival yn Krems, Eastenryk.