Lân Fan Taal, Explore the North & Noord Nederlands Orkest - Solo

Wa binne eins de minsken dy’t yn in orkest spylje? Wêrom keazen se foar de muzyk en foar har spesifike ynstrumint? Hokker swierrichheden hawwe se trochstien om sa goed te wurden (of wie dat frij maklik?) en hoe binne se yn Noard-Nederlân belanne?

Wêr it Noord Nederlands Orkest gewoanwei symfony skept tusken de musici, rjochtet Solo him op it yndividu. De musici út it orkest komme fan oer de hiele wrâld en it orkest hat hast fyftjien nasjonaliteiten en itselde tal talen. Musici út Japan, Dútslân, Spanje, België, Portugal, Frankryk en it Feriene Keninkryk litte har ynstrumint dizze kear hielendal stil en fertelle harren persoanlike ferhaal yn elk in koarte solo, skreaun troch trije talentfolle jonge skriuwers en regissearre troch de teatermakkers fan it Ljouwerter selskip Skoft&Skiep.

Tegearre mei Lân fan taal en it Noord Nederlands Orkest presinteare wy op sneon 19 maaie 2018 de try-out fan Solo yn Grand Theatre. It projekt toerde dêrnei langs ferskate festivals.

Solo is in projekt fan it meartaligensplatfoarm Lân fan taal, Explore the North en it Noord Nederlands Orkest. Lowie van Oers, Jante Wortel en Nikki Dekker skreaune ûnder begelieding fan De Nieuwe Oost | Wintertuin teksten basearre op de persoanlike ferhalen fan de musici út it orkest. Aukje Schaafsma, Karel Hermans en Tatiana Pratley fan teaterselskip Skoft&Skiep regissearren de solisten yn it kader fan it talentûntwikkelingstraject Station Noard.

It projekt is yn gearwurking mei Skoft&Skiep, Station Noard, Oerol, Tryater, De Nieuwe Oost | Wintertuin en Grand Theatre.

CREDITS
Regie: Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley (Skoft&Skiep)
Tekst: Lowie van Oers, Jante Wortel, Nikki Dekker
Spul: Kumi Kondo, Katharina Saerberg, Manuel Davila Ares, Eva Vennekens, Stephan Kirschbaum, Florian Schneidt, Hugo Berreni, Isabel Vaz, David Tyler
Produksje: Nynke Oele
Konseptsje: Lân fan taal, Explore the North en it Noord Nederlands Orkest
Yn gearwurking mei: Station Noard, Oerol, Tryater, De Nieuwe Oost | Wintertuin en Grand Theatre Groningen

YouTube link