KRT in Podium Explore

KRT, Explore the North & deBuren - De Grote Krimp World Tour

Popsensaasje makket in comeback om it krimpen fan ús heelal te fieren

Op in dei keart de groei fan it heelal om, en begjint De Grote Krimp. Dûk yn in konsert fan de legindaryske band KRT, dy’t nei oanlieding fan dizze wrâldskokkende gebeurtenis in comeback makket. Mei lieten en teksten oer ús krimpende wrâld, stekke se it publyk in hert ûnder de riem. Mar kinst weromgrype nei it ferline as de takomst sa wankel is? En is it poadium wol it plak om earlik te wêzen? Wurdkunstners Sannemaj Betten, Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis, Johannes Lievens en drummer Wouter Betten bringe mei dit literêr popkonsert in tsjinmyte foar de myte fan de groei.

Credits
Spul & kreäasje: Marieke Ornelis, Mees van Rijswijk, Sannemaj Betten, Johannes Lievens, Wouter Betten | Produksje | Produksjehûs Explore the North (Leeuwarden) & Vlaams-Nederlânsk hûs deBuren (Brussel) | Eindregy: Karel Hermans | Mei tank oan: Aline Lapeire, Marleen Nagtegaal