IN TEATRALE SWALKTOCHT OER IT ÛNTSTEAN FAN IN MURDER BALLAD.
Dizze interdissiplinêre teaterfoarstelling, fol ferhaal, muzyk en spul, is basearre op it ferhaal fan in jonge frou (Omie Wise) dy’t yn 1808 op it Amerikaanske plattelân fermoarde waard troch har geleafde John Lewis. Oer dit ferhaal waard it bekende ferske “Ballad of Omie Wise” skreaun, ien fan de earste Murder Ballads. Kinetophone, mei sjongeres Sofie Letitre en aktrise Annegeerte Aandewiel, jouwe in blik op harren swalktocht lâns it ûntstean fan in leginde en in muzykgenre, wêrby’t feit en fiksje hieltiidt op losse skroeven steane. Bart Breman skreau it senario. Kinetophone kinst fan harren moderne soundtracks by (somtiiden) fergetten filmklassikers. Breman is in grut muzykleafhawwer en skriuwt al jierren foar ferskate online magazines en blogs lykas The Daily Indie, Makeafuzz en poppodium Vera.
Dit is in produksje fan Explore the North en Kinetophone yn gearwurking mei Lân fan taal en Grand Theatre (Grins), mei stipe fan Kunstraad Grins. De première fûn plak op Explore the North 2018.