Kim Janssen mei sjongers fan it Ljouwterter Kamerkoor

De Synagoge waard tiidens Explore the North 2013 it toaniel foar in geweldich projekt fan songwriter Kim Janssen. Hy brocht syn ûntroerjende folksongs dizze kear net allinnich mei in grutte band, mar it Leeuwarder Kamerkoor song in pear fan syn ferskes mei him mei. Brekberens en it grutte gebaar gongen net faak sa moai tegearre.