Skip intro – flip recap – seis kear de leafde oer en wer
Tuimelaar is in performance en in meditaasje oer de leafde dêr’t fideo, poëzij en ynstallaasje elkoar útdage. Yn seis ûnderskate haadstikken ûnderfynt byldzjend keunstner Jules van Hulst en dichter Tsead Bruinja wat minsken ferbynt. Se diele ûnderfiningen oer de omearming fan en it ferset tsjin de leafde. Dat kin gean om de leafde binnen in freonskip of in romantyske relaasje of de leafde foar wat heger en ûnberikber is, de mystike leafde.
As jo Tuimelaar sjogge as in ynstrumint kinne jo sizze dat er rollet. As jo Tuimelaar sjogge as in gedrach kinne jo sizze dat er mei-beweegt. Mar wat driuwt him? De hannen fan Van Hulst soest sizze kinne of de wurden fan Bruinja, mar dat is it net. De leafde set de saak yn beweging en makket beide manlju de spylbal fan in lot dêr’t se har oan oerjaan moatte. Dy striid tusken ferset en akseptaasje jout swiertekrêft oan alles op it spylflak.
Tuimelaar is in produksje fan Explore the North, keunstner Jules van Hulst, dichter Tsead Bruinja, Wieger Steenhuis (showcontrols) en regisseur Annelie David.