Oer ferdwûne en nije wurden foar it Fryske Lânskip
Op syk nei de poëzy fan it ferdwûne wurd en de fertsjinwurdiging fan wurden dy’t nij binne, mar wy gewoanwei noch net kenne.
Yn de podcastsearje Blikveld nimt kreatyf produsint en teatermakker Joran de Boer dy mei op syk nei ferdwûne en nije wurden foar it Fryske lânskip. Se giet yn petear mei fiskers, eilanners en skipfeartlju en harket nei de ferhalen en ûnderfiningen fan minsken dy’t wurden út it ferline yn eare hâlde of nije wurden betinke om natuerferskynsels te beskriuwen. As harker ûntwikkelst sa in nije wurdskat, wêrtroch’tst it lânskip in bytsje better learst lêzen. Want ast der wurden foar hast, sjochst de dingen úteinlik folle better.
De serie Blikveld bestiet út fjouwer podcastôfleveringen, dy’t tiidens The Summer Sessions fan juny oant en mei septimber ien foar ien beskikber komme op de lêste freed fan de moanne.
Jo fine de ôfleveringen hjir:
freed 25 juny – ôflevering 1 – De Mieden fan Jeroen
Belústerje ôflevering 1 op Spotify • Soundcloud • Apple Podcasts
freed 30 juli – ôflevering 2 –De wurden fan Jan
Belústerje ôflevering 2 op Spotify • Soundcloud • Apple Podcasts
freed 27 augustus –ôflevering 3 – De fjildnammen fan Skylge
Belústerje ôflevering 3 op Spotify • Soundcloud • Apple Podcasts
freed 24 septimber –ôflevering 4 – De swaluwen fan Welmoed
Belústerje ôflevering 4 op Spotify • Soundcloud • Apple Podcasts
Blikveld is in coproductie fan Explore the North en Tresoar.