Kruidkoek & Joost Oomen bringe in unike miks fan punkjazz, poëzy en alles wat je je mar foarstelle kinne om op te dûnsjen. De fjouwer leden fan Kruidkoek, stik foar stik tige betûfte muzikanten dy’t spylje yn bands as DeWolff, De Niemanders en Broken Brass, foarmje in stevige basis dêr’t Joost Oomen it publyk oer opswypke mei syn luide, iroanyske poëzy, mei ynfloeden fan Dada, Ginsberg en John Cooper Clarke. It resultaat? In dûnsfeest wêrby’t minsken sinesappels nei in gong smite, inoar besjitte mei bananen en op it heechste folume “Zaag, pudding, pudding, zaag” raze (mar noait hurder as Joost). In Nederlânske, frjemdere en fleurere ferzje fan Britske tsjinhingers Antony Szmierek en Kae Tempest. Op Explore the North Festival 2025 mocht publyk al genietsje fan in foarpriuwke en yn 2026 geane se op toer mei dizze show!
De leden fan Kruidkoek begûnen harren bân yn 2012 op it konservatoarium yn Zwolle. Se toerden nei Caïro en Berlyn en diene mei oan de Popronde, wêrby’t se yn hast elke Nederlânske stêd spilen. Sawol as groep as yndividueel binne sy tige bekende gesichten yn de Nederlânske jazzscene. Joost Oomen begûn syn poëzykarriêre yn Grins, mear spesifyk yn de ferneamde seal VERA, en trede mei syn poëzy – mei of sûnder muzyk – op fan Kaapstad oant Parys en op festivals as Lowlands, Into the Great Wide Open en Oerol. Syn meast resinte dichtbondel ferkocht hast tsientûzen eksimplaren. Yn 2025 diene Kruidkoek en Joost Oomen harren twadde toer tegearre en spilen sy foar sa’n 20.000 minsken.
Joost Oomen – poëzy, perkusje
Nick Feenstra – saksofoan, fluit
Tijmen Kooiker – gitaar
Reindert Kragt – bas
Bram Knol – drums