Blabbermouth, in spraakwetterfal
Jack Spicer wie in dichter út San Francisco, dy’t willekeurige kafébesikers op in doaze yn de hoeke sette en se útdage om elke wize gedachte, elk obsceen wurd of lûd, elke sin dy’t mar yn har opkaam, derút te goaien. In ûndersyk nei wartaal en de moaiste wartaal wûn in priis. Joost Oomen, Jos Nargy en Joep Hendrikx pikke dizze Oerol de tried fan Spicers ûndersyk op, mei as doel der efter te kommen hoe’t taal him gedraacht as it ûntdûkt wurdt fan juste grammatika, kommunikaasjedrang en goed gedrach. In absurde, poëtyske, wyldkolkjende spraakwetterfal is it resultaat. De namme fan dizze wetterfal? Blabbermouth. Oerolgongers dy’t foarich jier de festivalhit LORCA sjoen hawwe, witte dat se Blabbermouth net misse meie. Earder wiene al oare ferzjes fan Blabbermouth te sjen op Explore the North 2017 en 2019, no wurdt der in nije Blabbermouth ûntwikkele! Blabbermouth is in produksje fan Explore the North, Joost Oomen en de Poezieboys.
Credits Spul en kreäasje: Joost Oomen, Jos Nargy en Joep Hendrikx