Yn 2024 hawwe de Jonge Skriuwers fan Explore the North & Meeuw Jonge Theatermakers wer in Zine makke: Kill Your Darlings! It Zine is hjirûnder online te besjen.
Kill Your Darlings is makke troch de Jonge Skriuwers: Guusje van Kalker, Djoeke Graswinckel, Mayte Veenstra, Charlotte Westra, Rixt Siderius, Pieter van Aalst en Iris Dicke. Sy skriuwe oer stimmen dy’t skrast wurde, stimmen dy’t se misse, én oer taal. Der is in list mei ideeën en sinnen dy’t it Zine net helle hawwe. Der binne beammen en skarrebekken, en gedichten yn it Frysk. In hantlieding foar einzelgängers. In mysterieuze fertelling oer in swarte pyraemide. In ynwenige kritikus. En in ôfwêzigens fan immen dêr’t jûns om heal alven hieltyd wer oan tocht wurdt. Stadichoan komst derachter:
der binne ek darlings dy’t it wurdich binne om lêzen te wurden.