Fjouwer jonge skriuwers. Ien eilân foár de festivalkrûzeling. Hokker ferhalen samelen sy yn de stilte? Hokker wurden hearden sy yn ’e wyn?
Tiidens dizze literêre audiokuier nimme fjouwer jonge skriuwers dy mei fan it festivalhert nei it strân. Dêr fertelle se dy hoe’t sy de omjouwing belibbe ha foár’t de reuring fan Oerol loskaam. Wat seagen se yn alle rêst? Hoefolle ferhalen fûnen sy yn ’e stilte? Hokker wurden hearden sy yn ’e wyn?
Do bist in jonge skriuwer en do bist op in eilân. Der is gjin festival. It is ek gjin simmerfakânsje. Do stiest yn it mulle sân en sjochst om dy hinne; útsein fan de wyn en it meanen is it stil. Gjin minsk te sjen. Do klimst nei de top fan in dún en staarst, hieltyd mar stare. Grutte griiswite wolken draaie as jonge hûnen troch de loft. Dyn hier wurdt stiver en dyn snút wurdt sâlt. Sa is it hjir. Sa is it eilân echt. In sânkears yn de Noardsee. In sânkears yn dyn holle. Eilân, hoarizon, see. Nim my mei, dan skriuw ik dy op.
‘‘Jonge Skriuwers’ is in skriuwoplieding foar jongeren yn Fryslân, organisearre troch Explore the North en Meeuw jonge theatermakers. Proaza, poëzij, teater, lieten, filmsenario’s – alles komt yn ‘e lessen foarby. De Jonge Skriuwers binne alle jierren te finen op Oerol en meitsje spesjaal foar it festival nij wurk, ynspirearre op it eilân en/of syn ynwenners. Dit jier yn de foarm fan in literêre audiokuier mei: David Bisschop, Tamar Dicke, Bastiaan Okkema en Rixt Siderius. In gearwurking tusken Explore the North, Meeuw jonge theatermakers en Oerol.