Jonge Schrijvers - Scherven van de Wereld

Dit projekt presintearje wy yn gearwurking mei De Harmonie en Meeuw Jonge Theatermakers yn Podium Explore fan 14 oant en mei 18 maaie, as ûnderdiel fan harren festival DREAM MACHINE. De kaartferkeap giet fia harmonie.nl.

Protestsongs van jonge schrijvers
Is it in konsert? In lietsjeprogramma? In muzyk-teaterfoarstelling? In poëtyske indie non-opera? Wis is: dit nije projekt fan de Jonge Skriuwers is net yn ien wurd te fangen. Fjouwer jonge skriuwers tusken de 15 en 18 jier makken elts in tal protestsongs. Se joegen wurden oan dingen dêr’t se lilk oer binne, bang fan wurde of dy’t se feroarje wolle. Oer it rjocht om te wêzen wa’tst bist, oer it libben fan in jonge dat folslein út de bocht fljocht omdat er gjin eigen hûs hat. Oer in frou dy’t ien dei man wêze wol. Oer rasisme en wat dat docht mei in jong libben. En noch folle mear.

Harren wurden krije in krêftige muzikale foarm, útfierd troch in fjouwerkoppige profesjonele band. In rauwe, earlike en meinimmende produksje dêr’t de jonge, protestearjende stim lûd en dúdlik klinkt!

Oer Jonge Skriuwers
Explore the North en Meeuw jonge theatermakers liede talintfolle auteurs (14–18 jier) út Fryslân op. Twa kear yn ’t jier begjint in lesrige dêr’t dizze begjinnende skriuwers troch fakminsken ferskate aspekten fan it skriuwerskip leare. De jongeren krije earst algemiene feardichheden fan it fak en meitsje kennis mei ferskillende sjenres lykas toaniel, proaza en poëzij.

Credits
Jonge skriuwers: David Gil Bisschop, Rixt Siderius, Bastiaan Okkema en Rowan Vis
Begelieding Jonge skriuwers: Arnold de Boer en Koen Frijns
Muzykkomposysjes & muzikale lieding: Mats Voshol
Band: Renske de Boer, Junior Effah-Bekoe, Bram Wassink en Mats Voshol
Regy: Carlo Scheldwacht
Foarmjouwing: Josefine Smit
Lûd: Bonne van der Wal
Ljocht: Koos de Vries