Jonge Schrijvers - Het Grote Onbekende (2023)

Wa binne dy jonges fan Trip Hek? Jonge skriuwers en muzikanten betinke harren (libbens)ferhaal.

Foar de 2023-edysje fan Het Grote Onbekende krije de Jonge Schrijvers Rixt Siderius, Lonneke Terpstra, Hedzer Seffinga en Amir Issa in portretfoto fan in jonge fan Skylge dy’t se net kenne. Basearre op de foto skriuwe se in ferhaal. Sintraal steane dit jier trije jonges dy’t wurkje by Skylger loan- & grûnferhúzers-bedriuw Trip Hek. Op Oerol Festival Terschelling 2023 lústeren besikers nei de ferhalen en byhearrende muzyk, yn in programma presintearre troch Martin Rombouts.