Hoge Woorden

Suvere optredens, fol enerzjy en oertsjûgingskrêft. Persoanlik en maatskippijkritysk. Dát kinst ferwachtsje fan Hoge Woorden. Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unyke miks fan noardlike makkers en lanlike wurdkeunstners. Bekende nammen en opkommend talint.

Hoge Woorden fynt fjouwer kear yn it jier plak. Presintearre en gearstald troch Marrit Jellema, mei ferskate spoken word-performers. Oan ‘e ein fan ‘e jûn is der ek in plak foar dy by de open mic.

Hoge Woorden wurdt makke troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema.