Faust in Leeuwarden

In protte minsken witte net dat de dûvel him ea yn ‘e persoan fan Dokter Faust yn Ljouwert sjen liet. Op in dei besocht de Dokter in barbier yn de Amelandsstraat om him skearje te litten. Mar hoe hurd de bêste man ek wurke, de baard fan Faust groeide fuortendaliks wer. Dit frjemde foarfal wie in foarbode fan in rige barrens yn de stêd dy’t gjin ynwenner mear ferjitte soe. Úteinlik floeide it bloed oer it Waagplein, sa heech oant de ankels dat de minsken der troch waadzje moasten. Fansels is der no nimmen mear dy’t it neifertelle kin. Der bliuwe allinne de leginden oer. Explore the North gong yn 2014 op syk nei de wierheid efter dizze dûstere barrens yn ‘e skiednis fan Ljouwert. Dit ûndersyk wie ûnderdiel fan it tema fan folksferhalen by Explore the North 2014. In projekt op ynisjatyf fan José Witteveen. De byhearrende etsen binne ek makke troch José Witteveen.