Twa Fryske en twa Flaamske auteurs besykje fet te krijen op (ûn)eindigens en nimme dy mei yn Het Universum.
Het Universum – Seizoen 1, ôflevering 11: Wat is de kearn?
Yn ‘e rige literêre optredens bûgje fjouwer útnûge skriuwers har oer in grutte libbensfraach by de befolking. Yn dizze ûnwissige tiden, fol mei oarlogen, ûnfoarsisbere pandemyen en in feroarjend klimaat, is it oandiel eksistinsjele krisissen by de befolking allinnich mar tanaam en groeit ek de need oan dúdlike antwurden. Dêrom wurde fjouwer skriuwers op slot set yn in seal yn de Lage Lannen en krije se krekt 45 minuten de tiid om in antwurd te formulearjen. Dit alles wurdt live útstjoerd op televyzje, respektivelik de Nederlânske en Flaamske iepenbiere omrop. Alles kaam ta stân mei kulturele subsydzjes fan beide oerheden. Yn ruil foar de finansjele bydrage fan de belestingbeteller jouwe dizze fjouwer skriuwers wer in antwurd op in fraach dêr’tst al lang mei woarstelst. Dit programma fasilitearret nei jûn wer dyn deistich funksjonearjen. Sa besparrest alwer in protte tiid oan pikerjen, terapy, selshelpboeken of yn ekstreme gefallen oan it tiid nimmende konsumearjen fan kultuer.
De lokaasje dy’t hjoed de útfalbasis foarmet fan de opslútting fan 45 minuten is de Westerkerk yn Ljouwert. De útnûge skriuwers fan dizze jûn binne Ka(a)te Dejonckheere, Fardau Nijboer, Shimanto Reza en Gabriëlle Terpstra. De fraach dêr’t de twa Belgyske en twa Nederlânske skriuwers harren oer bûgje is de folgjende: Wat is de kearn fan it bestean of wat is der oars de kearn?
Oer De Verwonderkamer
Twa Fryske en twa Flaamske auteurs geane op útnûging fan Explore the North en Flaamsk-Nederlânske hûs deBuren op ûndersyk út. Foarôfgeand oan Festival Explore the North op 24 – 26 novimber 2023 geane se yn residinsje yn Ljouwert. Dêrby bûgje se har oer it planetarium fan Eise Eisinga. Eise Eisinga wie in Fryske eigener fan in wolkammerij, dy’t him yn syn frije tiid ferdjippe yn wiskunde, astronomy en sinneklokken. Doe’t in predikant destiids him fertelde dat de wrâld op 8 maaie 1774 fergean soe, wie Eise dêr skeptysk oer. Op basis fan teoretyske skriften betocht hy doe in astronomysk planetarium, in konstruksje fan houten skiven dy’t hy op it plafond fan syn eigen wenkeamer útwurke. Mei dizze konstruksje koe hy bewiis leverje dat de wrâld gelokkich (noch) net einigje soe. Tsjintwurdich is Het Planetarium fan Eise Eisinga in wittenskipsmuseum yn de stêd Frentsjer yn de provinsje Fryslân. It model fan de sinne mei de 6 planeten dy’t hy yn 1781 ôfmakke hinget dêr oant hjoed de dei noch oan it plafond en is noch altyd funksjoneel. Op Festival Explore the North 2023 presintearren de fjouwer makers de útwurken fan harren ynspirearjende ferbliuw twatalich yn de Westerkerk.