Hoewol festival Explore the North dit jier spitigernôch net trochgean kin, wurkje wy troch oan ferskate projekten en produksjes. Sa is fan 17 t/m 24 novimber it koarte ferhaal Biografie fan in Flik foar elkenien te lêzen op 25 posters yn en om it sintrum fan Ljouwert. Skriuwer, dichter en teatermakker Jaap Robben skreau it koarte ferhaal spesjaal foar Explore the North en it literêre festival Wintertuin yn Nijmegen. Mei de stêd as dekôr kin elkenien, jong en âld, it ferhaal yn de bûtenlucht lêze.
Biografie fan in Flik – Jaap Robben
Op ekspedysje fan haadstik nei haadstik yn de bûtenlucht
Oer it ferhaal
Biografie fan in Flik is in ferhaal oer ûntdekking, freonskip en fergongenheid. It is skreaun foar alle leeftiiden en is fia in kuier gratis te lêzen. Mei dizze nije en bysûndere foarm fan publisearjen foarmet de stêd it dekôr foar in ferhaal en wurde alle ynwenners lêzers.
Routekaart
Explore the North hat 26 plakken, 25 haadstikken en in omslach reservearre yn Ljouwert foar it ferhaal. De blêden binne fan 17 t/m 24 novimber op grutte posters yn etalages en op oare posterplakken yn en om it sintrum te lêzen. De haadstikken binne los te lêzen, mar it is ek mooglik alle haadstikken efter inoar te lêzen en in rûte te folgjen. Wintertuin 2020 yn Nijmegen, de ynisjatyfnimmer fan it projekt, presintearret it ferhaal dêr fan 5 t/m 29 novimber.
Download hjir de routekaart.
Oer Jaap Robben
Jaap Robben (1984) is skriuwer, dichter en teatermakker. Jaap skriuwt net spesjaal foar in leeftyd, mar foar elkenien yn it bysûnder. Do kinst Jaap kinne fan syn bekroande berneboeken (Suzie Ruzie, Plasman), as eardere stedsdichter fan Nijmegen, mar ek fan syn suksesfolle romans Birk en Zomervacht. Fan DWDD Boek fan de Moanne oant de Nederlânske Boekhannelpriis en fan boekferfilmings oant in protte oersettingen: Jaap hat it allegear op syn namme stean.
Mear witte?
Wolst mear witte oer Jaap? Harkje begjin desimber nei de podcast Het Grote Gesprek fan Wintertuin, wêr’t Jaap yn oardel oere de djipte yn giet. In petear oer de rol fan literatuer en, mear spesifyk, de krêft fan it boek as gids troch ús turbulente realiteit. De podcast fan desimber fynst hjir werom.
De earder oankundige lêsklup op 26 novimber giet spitigernôch net troch.
Leaver harkje as lêze?
Jaap Robben hat elts haadstik ynsprutsen as audiobestân. Sa is it ferhaal ek te harkjen as audioboek en kin je by elke poster it byhearrende audiobestân op dyn telefoan ôfspylje. De audiobestannen fynst op de webside fan Wintertuin2020.
Biografie fan in Flik is in projekt fan De Nieuwe Oost I Wintertuin en Explore the North, mei stipe fan it Prins Bernhard Cultuurfonds, LIRA Fonds, Fonds21, Nederlands Letterenfonds en yn Nijmegen ek Gemeente Nijmegen en Provincie Gelderland.
Geproducearre troch Tryater.