Bist klear foar in feest? Sneon 21 novimber fanôf 22:00 nimt Explore the North dy mei yn gearwurking mei Hiraeth Records en Vapor Memory. 24 oeren lang nei it, foar in soad minsken noch ûnûntdekte, Vaporwave-universum, gewoan yn dyn eigen wenkeamer! Twahûndert fan de grutste Vaporwave-artysten fan oer de hiele wrâld wurde ôfwiksele mei ynteressante nijkommers. Tink oan fergetten muzyk fan de jierren ’80 & ’90 lykas liftmuzyk en reklame muzyk, en kombinear dat mei dreamerige en swiere ambient. En omring dat mei Windows-logo’s, nineties webdesign, plaatsjes fan katten, palmbeammen, Japanse tekens en in flinke skep ironyske maatskippijkritik. Explore the Vapor!
<< LINKS NEI DE LIVESTREAM >>
Vapor Memory Youtube
Vapor Memory Twitch
Vapor Memory dlive
Explore the Vapor – 24h livestream
Tegearre mei Jornt, Vaporwave-artyst en eigner fan it ynternasjonale Vaporwave-label Hiraeth Records, en it grutste Vaporwave Youtubekanaal Vapor Memory presintearje wy op saterdei 21 novimber fan 22:00 oere ôf Explore the Vapor – 24h livestream. Want as it net op in podium by Explore the North kin – as earste live Vaporwave-evenemint yn Europa – dan dogge wy it dochs online!
Wy hawwe tweintich fan de grutste Vaporwave-artysten fan de wrâld en ynteressante nijkommers útnoege om mei te dwaan oan Explore the Vapor. Set de livestream dus oan fanôf 22:00 oere op 21 novimber en sweef fuort nei in spesjaal foar jim gearstalde Vaporwave-wrâld mei artysten út de Feriene Steaten, Japan, Sweden, België, Feriene Keninkryk en Nederlân/Finlân.
???
Vaporwave? Ja! Ferline jier brochten wy in protte fan jim foar it earst yn kontak mei dit mysterieuze ynternetgenre tidens in optreden fan 猫 シ Corp (útsprutsen as: Catcorp.) by Explore the North. 猫 シ Corp is it alias fan de yn Hallum berne (en no yn Finlân wenjende) Jornt Elzinga, ien fan de grutste artysten yn de wrâldwide vaporwavekultuer dy’t fanôf 2010 online ûntstie en eigner fan Hiraeth Records. Jornt ferkeapet hûnderten kassettes en platen yn in moanne en syn earste optreden wie op it earste Vaporwave-festival ea yn Los Angeles, en tagelyk kin er yn Fryslân (en Finlân) noch gewoan anonym oer strjitte rinne.
Mar wat is it eins? Vaporwave is in subkultuer en muzykstyl binnen de elektronyske muzyk, wêrby’tst in miks fan fergetten muzyk út de jierren ’80 & ’90 te hearren krijst: lykas liftmuzyk, reklame muzyk, loungemuziek en simmerige, dreamerige en swiere ambient. Fisueel is it fol mei Windows-logo’s, nineties webdesign, fideo-spultsjes, VHS, palmbeammen, winkelcentra, Japanse tekens en kattenplaatsjes – lykas it in goeie ynternetkultuer betaamt. Vaporwave spilet mei nostalgyske gefoelens en jout in ironyske refleksje op ús materialistyske maatskippij. In fantastysk genre dat neffens ús noch hieltyd net genoch minsken kenne. Nei Explore the Vapor sille der folle mear minsken dit kenne!
SCHEDULE
(CET)
22:00 猫 シ Corp. (NL/FIN)
22:30 Donor Lens (UK)
23:00 3D Blast (USA)
23:30 Ahero (USA)
00:00 DMA (UK)
00:30 Zer0 れい (Bélgië)
01:00 Passive Refraction (USA)
01:30 Kagoshima Tangerine (Japan)
02:00 Golding Living Room (USA)
02:30 desert sand feels warm at night (UK)
03:00 Tsudio Studio (JAP)
03:30 Dan Mason (USA)
04:00 Fire-Toolz (USA)
04:30 Stevia Sphere (Sweden)
05:00 AURAGRAPH (USA)
05:30 식료품groceries (USA)
06:00 INTERNET CLUB (USA)
06:30 Pad Chennington (USA)
07:00 RunnersClub 95 (SWE)
07:30 Eyeliner (NZ)
& repeat!