Explore the North, deBuren & Stad in de Maak - Leegstandsproza

Skriuwers en bewenners meitsje tegearre ferhaal.

Foar Leegstandsproza fûnen trije Fryske en trije Flaamske skriuwers de ferhalen fan de Almondestraat yn Rotterdam. Yn dizze strjitte moatte 52 sosjale wenningen oer in jier plak meitsje foar nije apparteminten en oare projektûntwikkelers-ideeën. De sosjale wenningen wurde sloopt of hiel yngripend renovearre yn ferbân mei fundearringsproblemen. De skriuwers krigen de opdracht om de ferhalen fan de strjitte te fangen. Tegearre mei in bewenner meitsje se in tekst, ynspirearre troch it libbensferhaal fan de bewenner yn kwestje. De bewenner sels sil de tekst foardrage tiidens ferskate presintaasjemominten yn Rotterdam én Ljouwert.
Alle ferhalen binne wer te besjen en te belûsterjen yn dizze playlist.