Sjoch en harkje nei bysûndere stadsportretten fan Ljouwert – dat koe by Citybooks op Explore the North. De Iraakse skriuwer en filmskepper Hassan Blasim, de Flaamske auteur Erik Vlaminck, de Ljouwerter skriuwer Arjan Hut en LaTasha N. Nevada Diggs, skriuwer, stim- en lûdkeunstner út New York, dûkelden har ûnder yn ‘e stêd en skreaune elk in ferhaal. Ek byldmakkers Anne Margot Stapert en Chantal Rens litten har ynspirearje troch Ljouwert en makken bysûndere bylden fan de stêd. It resultaat fan dizze eigensinnige stêdsportretten wie fan 11 novimber oant 8 desimber 2018 fergees te sjen en te belûsterjen yn Obe.
Op Explore the North 2018 fertelden Erik Vlaminck, Arjan Hut en LaTasha N. Nevada Diggs oer harren bysûndere tiiden yn Fryslân.
De skreaune ferhalen binne letter oerset yn it Frysk en Ingelsk en binne hjir te belûsterjen as audiobook. Op dizze webside steane mear as hûndert citybooks, dy’t troch reis- en literatuerleafhawwers al mear as 5,5 miljoen kear download binne.
Oer Citybooks
It projekt Citybooks portrettearret stêden fia koarte ferhalen en searjes fan 24 foto’s of bylden. Fjouwer skriuwers (ynternasjonaal en lokaal) en twa byldmakkers ferbliuwe dêrfoar in skoft yn ynteressante, net foar de hân lizzende stêden. Fan Oostende oant Grahamstown, fan Lissabon oant Jakarta. Flaamsk-Nederlânsk hús deBuren, Ljouwert-Fryslân 2018, Lân fan taal en Explore the North jouwe ek Ljouwert in eigen citybook.
De diskusjelieder foar de Citybookspresintaasjes is Willem Bongers-Dek (deBuren). Dit projekt organisearje wy yn gearwurking mei deBuren, Lân fan taal en Ljouwert-Fryslân 2018, de Culturele Hoofdstêd fan Europa.