De Verwonderkamer

Wat bart der as wy “gekheid” net opruimje of fuortstopje, mar besykje it te begripen? Tidens ús festival giet in gloednije foarstelling yn premjêre, makke yn De Verwonderkamer – de jierlikse residentie fan it Flaams-Nederlânsk hûs foar kultuer en debat, deBuren, en Explore the North, wêrby’t Flaamse en Noard-Nederlânske makkers inoar kenne leare en nij wurk meitsje.

Dit jier namen de dielnimmers it boek De laatste dagen van de dorpsgek fan Anne Goaitske Breteler as útgongspunt. De doarpsgek as bûtenstân, spegel, barometer; immen dy’t operearret oan (of oer) de rânen fan wat as “normaal” gilt. Kin der yn it ûnlogyske ek wat hoopfols skûlje? Fan 15 oant 19 septimber 2025 hawwe nije Flaamse en Noard-Nederlânske makkers yn Ljouwert dizze fragen ûndersocht. De fruchten fan de gearwurking waarden, neffens goed gebrûk, foar it earst presintearre op ús festival.

Dat dit ta bysûnders liede kin, bewees ferline jier De herontdekking van Ella Wassenaar fan Mona Thijs, Zindzi Tillot Owusu, Charlotte Westra en Jaimy Hindriks – in foarstelling dy’t fan De Verwonderkamer nei Antwerpen reizge en dizze simmer op Oerol te sjen wêze sil. Ek it kollektiv Drie Dagen Fris kaam foarút út in fruchtbere residentie yn Ljouwert. En ek yn 2025 jildt it noch altyd: De Verwonderkamer stekt in portie hoop en frisse stimmen yn dyn needpakket!