De Poezieboys & Explore the North - Je moet het maar bedenken, hè?!

Leuk he?
Ja echt hiel leuk dien!
Geniaal! En oarspronklik ek!
Ja! Oarspronklik! En geniaal!
Hoe komst derop? Nou ja.
Ja?! Do moatst it mar betinke, hè?!

Dy sin hearre de Poezieboys faak as it om in keunstwurk of in gedicht giet: “Do moatst it mar betinke, hè?!” Mar as wy keunstners dat allegear betinke, hoe dogge wy dat dan? Hoe krije wy ynspiraasje? En betinke wy it wol sels of docht immen oars dat foar ús?

Yn Je moet het maar bedenken, hè?! jouwe de Poezieboys en Explore the North in ynsjoch yn de wûnderlike rituelen fan skriuwers en oare keunstners om ta ynspiraasje te kommen. Want dêr binne ûneinich folle mooglikheden foar! Tink bygelyks oan dysels hielendal útputte, dagenlang net sliepe, lústerje nei it gromjen fan in stofsûger, dy iepenstelle nei it hielal, kontakt sykje mei marsmantsjes of gewoan in bakje kofje drinke en út it finster sjen. Se litte it allegear sjen, sadatsto aanst witst hoe’t se dat dogge: it mar betinke, hè?!

Yn dizze bûtenierdske, muzikale en komyske performance besykje de Poezieboys derachter te kommen wat ynspiraasje is en hoe’tst it fange kinst. Se freegje har ôf oft der yn de hjoeddeiske maatskippij, dêr’t kontrôle de boppetoan fiert, noch wol romte is foar sa’n glibberich en ûngrypber ding as ynspiraasje.

Dizze foarstelling is basearre op de foarstelling GEESTEN fan De Poezieboys, Joost Oomen en Explore the North.

Credits
Konsept: Joost Oomen, Joep Hendrikx, Jos Nargy
Regy: Ellen Goemans
Spul: Joep Hendrikx, Jos Nargy
Muzyk: Nick Feenstra
Foarmjouwing: Pleun Verhees, Sjaan Hofstede
Ljochtûntwerp: Iain Hoeffnagel
Produksjelieder: Sanne Priem
Toermanagement: Sander Koning
Technyk: Dario Giustarini
Marketing: Dieke van der Spek, Mathé Többen
In produksje fan De Poezieboys en Explore the North
Mei tank oan: Ministearje fan OCW, Fonds Podiumkunsten, Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, Gemeente Den Haag, Fonds 21, Dioraphte, LIRA Fonds, Zabawas, Norma Fonds