Explore the North en deBuren organisearje De Aftocht, in multimediaal projekt omtrint it gedicht út Paul van Ostaijen’s roemruchte bondel Bezette Stad.
Mear as 40 keunstners jouwe yn it ynternasjonale projekt Besmette Stad in aktueel artistyk antwurd op it gedicht De Aftocht, mei as resultaat in online multidisiplinêr keunstendossier, in boek en in tournee troch Nederlân, België en Dútslân.
De ôftrap fan de tour mei live muzyk, poëzy en performances fynt plak op 22 febrewaris yn Antwerpen. Yn juny presintearje wy De Aftocht ek yn De Westerkerk yn Ljouwert. Dêrwei sille wy dy fansels letter mear fertelle.
Kunstprojekt Besmette Stad
De Aftocht foarmet de mienskiplike ôfsluting fan Explore the North, Das Europäische Laboratorium, it Paul van Ostaijengenootschap en it Vlaams-Nederlands hûs foar kultuer en debat deBuren fan it multimediale keunstprojekt Besmette Stad. In projekt fan deBuren dat tiidens it Flaamske Paul van Ostaijen-jier yn 2020, midden yn de coronakrisis, fan start gien is.
Yn De Aftocht stelt Paul van Ostaijen fanút Dútslân de fraach hoe’t it fierder moat mei Europa nei de Earste Wrâldoarloch: Is it tiid foar revolúsje of in nij normaal? Fragen dy’t ek yn de hjoeddeiske (corona)krisis relevanter binne as ea. Dêrom startte ein 2021 it projekt De Aftocht mei in ‘open call’ foar Frysktalige, Nederlândskstalige en Dútsktalige makers, mei de oprop om fanút it hjoeddeiske tiidrek in artistyk antwurd te jaan op it slotgedicht fan Paul van Ostaijen.
Grut oantal ynternasjonale ynstjoerings
De iepen call levere artistike ynstjoerings op fan mear as 40 keunstners út Nederlân, België, Dútslân en Eastenryk. Dêrfan groeide De Aftocht út ta in multimediaal keunstprojekt mei in breed oantal dissiplines, wêrûnder yllustraasjes, proaza, poëzy, muzyk en fideo, fan begjinnende en mear fêstige keunstners. De bydragen fan de keunstners, wêrûnder bekende nammen lykas Maxim Februari, Pieter Waterdrinker, Anneke Brassinga, Chibi Ichigo en Ulrike Draesner, binne sammele yn in online keunstendossier.
It online keunstendossier fan De Aftocht fynst hjir op de webside fan deBuren.
Noardlike makers
Wy droegen foar it projekt in tal noardlike makkers oan, dy’t ferskate bydragen leverje oan De Aftocht. Sa ûntwikkele Peter Sijbenga foar de iepen call, mei help fan Remko Smids, in artistyk antwurd mei poëzy en fideo-projeksje. Skreau Nibiru in muzikale bydrage en makke Michelle Samba in kombinaasje fan Friesktalige poëzy, muzyk en fideo.
Us artistyk lieder Marleen Nagtegaal is in fan de kuratoaren fan it projekt. Marleen fertelt oer it projekt: “De Aftocht is in unyk, meartalich projekt organisearre troch Nederlânske, Belgyske en Dútske kultuerorganisaasjes. Sawol begjinnende as fêste keunstners krije in ynternasjonal poadium. Bysûnder oan it projekt is dat elke keunstner fanút syn of har eigen dissiplines antwurd jout op de grutte fragen fan dizze tiid. Dat liedt ta hiel ferskillende keunstwurken: wat foarm oanbelanget, mar ek wat de ynhâld oangiet. Guon wurken binne optimistysk, guon ûnthechte, guon útsprutsen lilk. It gedicht fan Van Ostaijen is hûndert jier âld en wie doe in baanbrekkend wurk, mar ek no noch wit hy keunstners te ynspirearjen en út te daagjen.”
Tournee fan start op 22 febrewaris 2022
Op tiisdei 22 febrewaris start De Aftocht mei in liveshow yn Antwerpen, berte stêd fan Van Ostaijen. Tidens dizze liveshow wurdt ek de blomlêzing, mei dêryn de bydragen fan de keunstners foar De Aftocht, útrikt. Dêrnei reizget it projekt, lykas it gedicht, fierder op tournee troch Nederlân, Flanders en Dútslân. It programma De Aftocht is te sjen yn Antwerpen, Ljouwert, Münster, München, Berlyn, Schwalenberg, Amsterdam en Brussel. Eltse show hat syn eigen karakter en biedt in poadium foar ferskate ynternasjonale makkers mei ûnder oare muzyk, poëzy en performances.
Yn juny is De Aftocht te sjen yn De Westerkerk yn Ljouwert. Dêr fertelle wy dan graach mear oer! De iepeningshow yn Antwerpen is sawol live as fia in livestream (fergees) te bewûnderjen.
Bezette stad
Hûndert jier lyn ferwurke de Flaamske dichter Paul van Ostaijen fanút in selskeazen quarantaine yn Berlyn syn ûnderfiningen fan de Earste Wrâldoarloch yn Bezette Stad. De bondel is foaral bekend fan slogans as ‘Boem paukeslag’ en fan fysieke dichtfoarmen lykas it wurd ‘zeppelin’ yn de foarm fan in zeppelin. Syn bondel wurdt ynternasjonaal beskôge as ien fan de wichtichste modernistyske literêre wurken en ferskynde yn meardere talen. No’t in grut diel fan de wrâld troch it coronafirus yn lockdown sit of der stadichoan wer útkomt, ropt syn avant-gardistyske masterwurk in soad ferkenning op by keunstners en publyk, ek yn Ljouwert. Us stêd is net beset, mar wol ynfektearre. Wy ûnderfine sels hoe kwetsber ús bestean eins is.
Ynternasjonale gearwurking tusken deBuren en Explore the North
Explore the North yn Ljouwert en it Flaamsk-Nederlânske hûs foar kultuer en debat deBuren yn Brussel wurkje faak gear oan projekten dy’t de útwikseling tusken makkers út de ferskillende regio’s stimulearje. De ôfrûne jierren hat dat resultearre yn ferskate residinsjes en podiumpresintaasjes wêrby’t Flaamske en Fryske makkers gearwurke hawwe, lykas Leegstandsproza, Flaamske Verkenners, De Verwonderkamer, Citybook Leeuwarden, BCC (in artistike blind date) en Nieuwe Werelden. Ek it petear Hoop & Democratie mei Arnon Grunberg, dat wy ferline moanne presintearren, wie in gearwurking tusken beide organisaasjes.
Mear lêze, harkje en sjen fan dit projekt?
Beskôgje it online keunstdossier fan De Aftocht.
Ek it keunstdossier fan Besmette Stad dat deBuren earder makke, hat in soad moai wurk fan Nederlânske en Flaamske makers. Lykas Ilja Leonard Pfeijffer, Marieke Marsman, Aafke Romeijn en Lucky Fonz III.
De Aftocht wurdt mede mooglik makke troch it Flaamsk-Nederlânske Hûs foar kultuer en debat deBuren, it Paul van Ostaijengenootschap, Explore The North, Leeuwarden City of Literature, Europäisches Laboratorium, dasKULTURforum Antwerpen, Sabam For Culture, Stad Antwerpen, Letterenhuis, Antwerpen Boekenstad, Internationale Vereniging voor Neerlandistiek, Literatuur Vlaanderen, Nederlands Letterenfonds, de Brakke Grond, Lyrik Kabinett, Literaturverein Münster, Burg Hülshoff – Center for Literature, Haus für Poesie, Haus der Niederlande, Internationales Lyrikertreffen Münster, Stadt Münster en Stadtmuseum Berlin.