Chantal Acda + Lokaal Mannenkoor

De Belgysk-Nederlânske Chantal Acda stiet foar persoanlike ferskes mei fine lagen en kwetsberens. Nei Let Your Hands Be My Guide (2013) hat se it al no al bejubele The Sparkle In Our Flaws útbrocht. Chantal Acda draait al in skoft mei yn formaasjes lykas Isbells, Marble Sounds en True Bypass. Har solokarrière gong twa jier lyn fan start; mei broaze ferskes brekt se wrâldwiid herten, ek dy fan ús. Op ‘e freed fan Explore the North 2016 spile se tegearre mei in Explore the North-mannenkoor yn de Westerkerk. Dat koor fan lokale sjongers waarden troch de organisatoren sels gearsteld.