Elk gebou hat syn eigen klanken, toanen en lûden; syn eigen klankkarakteristiken. Klankkeunstner Bouke Groen makket mei syn Project Overtone unike muzikale komposysjes binnen de romtes fan toanoanjouwende gebouwen.
It karakteristike lûd fan in gebou
Elk gebou hat syn eigen klanken, toanen en lûden; syn eigen klankkarakteristiken. Klankkeunstner Bouke Groen makket mei syn Project Overtone unyke muzikale komposysjes binnen de romtes fan toanoanjouwende gebouwen.
Project Overtone biedt dizze simmer yn Seelân in yntime ûnderfining om de Axelske Wassertoer op in bysûndere wize te ûntdekken, tegearre mei klankkeunstner Bouke Groen. Mei help fan lûdmjittingen hat Bouke de klankkarakteristiken fan de toer yn kaart brocht. De resultaten hjirfan foarmje de basis foar in unyke komposysje skreaun troch Celia Swart. Dy wurdt a capella songen troch in koar wylst de besikers mei it koar troch it gebou beweegje. Sa hearst de muzyk dy’t spesifyk foar dat plak skreaun is en wurdst sels part fan de foarstelling.
Earder waard dit projekt al útfierd foar it Stedhûs yn Ljouwert en it Provinsjehûs yn Grins.
Editie Leeuwarden
Edysje Ljouwert
Komponist: Renske de Boer | Koor: NHL Stenden Koor ûnder lieding fan Hans de Wilde
Edysje Grins
Komponist: Pelle van Esch | Koor: Vocaal Ensemble A Capelli ûnder lieding fan David van Roijen
Mei stipe fan: Beringer Hazewinkel en Fonds21
Website Project Overtone
“Project Overtone is in muzikale fuotprint dy’t heard wurde moat.”
– Wiggele Wouda, FD
Koprodukten: Explore the North, Noorderzon Festival of Performing Arts & Society en Theaterproduksjehûs Zeeland