Bo Ningen + Elmar Kuiper

De noiserockband Bo Ningen en de dichter Elmar Kuiper lieten op Explore the North 2018 gearwurk sjen dat se tiidens in ferbliuw fan in pear dagen yn Ljouwert skreaun hawwe. It fjoerige Bo Ningen bringt útsponnen noiserockjams fan in bûtenierds kaliber nei Ljouwert. De fjouwer muzykanten út Tokio kamen inoar tsjin yn Londen. Nei’t bassist Taigen en gitarist Kohhei oerenlang yn de studio útsponnen noise jams spile hiene, ûntstie, tegearre mei drummer Monchan en gitarist Yuki, it idee fan Bo Ningen. In show fol flipte gitaareffekten, psychadelyske riffs en galmende stimmen. Elmar (1969) stiet bekend om syn bûtengewoane gefoel foar lûd en ritme, sawol yn syn Nederlânske as yn syn Frysk-talige poëzie. Syn “sjongerige” foardracht botst faak mei in hurder, ruwer idioom.