Astrid Haerens & Anke Verschueren - Vlaamse Verkenners

Van zuid naar noord: Friesland door de bril van Vlaamse auteurs

Hoe heech is de drompel tusken noard en súd? Kin it Fryske lânskip yn it Flaamsk besongen wurde? Vlaamse Verkenners giet op ûndersyk út. Op útnûging fan Explore the North en Vlaams-Nederlâns Cultuurhuis deBuren binne auteurs Astrid Haerens en Anke Verschueren yn de wike foarôfgeand oan it Explore the North-festival 2021 yn residinsje yn Ljouwert.

Se bringe de festivaltematyk fan Explore the North 2021 yn de praktyk: mei de iepen hâlding fan de keunstner komme se Fryslân temjitte, klear om it ûnbekende te omearmjen. Tidens harren ferbliuw yn Fryslân geane se op paad mei in Fryske gids, op syk nei nije ferhalen oer stêd en plattelân, oer prehistoarje en jonge seaklei, en úteinlik ek oer harsels. Sy skriuwe nije teksten en bringe hjirfan fragminten op it poadium tidens it festival. De teksten wurde ek publisearre, ûnder oaren by deBuren.