Alexander Moto & Explore the North

Moto wakkert it fjoer oan mei rauwe boom bap, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk.

Alexander Moto is in ferteller mei ûntwapenjende earlikens. Dreamerich mar dochs doelrjochte dûnsje syn wurden troch it hielal. De Fryske rapper en toetsenist analysearret sielesaken yn talige, reflektive hiphop, sûnder blêd foar de mûle.

Syn liveshow ferrast – fan rauwe boombap oant yngetogene kleinkunstlieten; yn it Nederlânsk én Frysk. Fanút Ljouwert slingerde er al it album Radiostilte op Iselmar (2020), meardere EP’s en de mixtape rups (2024) de wrâld yn. Yn 2025 hâldt Moto it fjoer oan mei meardere projekten, album nûmer twa yn ’e tarieding en in plak yn it festivalhert fan Oerol!

Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Fan 13 o/m 22 juny presintearret Explore the North ferspraat oer it eilân wurk fan talinten ferbûn oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei as thúsbasis Podium Explore yn Ljouwert.