Ahilan Ratnamohan, LOD, Josse De Pauw & Etuwe Bright Junior - Josse Jnr.


Wa kin in stjer wurde en ûnder hokker betingsten?
Yn Josse Jnr. ûndersykje teatermakker en performer Ahilan Ratnamohan, Josse De Pauw en Etuwe Bright Junior it learen fan taal en de ûnûntkombere machtrelaasjes dy’t dêrtroch ûntsteane. Junior is in ekonomyske migrant út Nigearia en sjocht it teater as in lêste kâns om wat betters te berikken as in fabryksbaan, nei in mislearre fuotbalkarriêre. Ahilan is in migrant út in folle mear privilegiearre Australysk plak, mar mei Sri Lankaanske Tamil-woartels. Josse hat syn libben lang oer de hiele wrâld reizige as teatermakker en is in stjer yn syn eigen lân.

Yn Josse Jnr. sykje se tegearre nei wat de teksten fan De Pauw, stylistysk en abstrakt, betsjutte kinne op in oar lichem. Hoe kinne dizze teksten en estetyk – dy’t ûnderwilens de Flaamske kanon foar in grut part definiearre hawwe – in oare poëzij berikke? Is Flaamsk-wêzen oerdraachber? Wa kin in stjer wurde en ûnder hokker betingsten?

Earder wurken wy ek al mei Ahilan Ratnamohan yn it projekt Pidgin X, wêrmei’t wy ús festival yn 2022 iepene mei in fleurige fiering fan ferskillen en oerienkomsten yn ferskate talen.

Gepresenteerd door Explore the North, De Harmonie & PAFFF

Agenda

Credits
Konsept, rezjy & spul | Ahilan Ratnamohan
Tekst & spul | Josse De Pauw
Spul | Etuwe Bright Junior
Dramaturgy | Petar Sarjanovic
Kostúms | Anne-Catherine Kunz
Technyk | Timme Afschrift & Gilles Roosen
Produksjelieding | Liesbet Termont
Produksje | LOD muziektheater & ROBIN vzw
Koproduksje | Theater Kampnagel Hamburg, Explore the North / PAFFF Ljouwert
Mei tank oan Monty
Mei stipe fan it Belgysk federale belestingmaatregel “tax shelter”
Belesting tuskenpersoan | Flanders tax shelter
Sêneôfbyldings: Kurt van der Elst